It earste oarlochslachtoffer yn Nijemardum?

It earste oarlochslachtoffer yn Nijemardum?

'It wie sneontemiddei 11 maaie 1940 sa om middeisitenstiid hinne. Fan 'e kant fan Sondel ôf kaam in ploechje Dútske soldaten op fytsen oansetten. Doe 't hja foar ús hûs yn Nijemardum wiene swaaide ien by ús it hiem op wylst de oaren stean bleaune. De Dútske soldaat sette op heit syn fyts ta dy 't tsjin ien fan 'e pakhuzen stie. Hy sette syn fyts del, pakte heit syn fyts en ried der daliks wer mei fuort. Heit en dy seagen dit alles fan út 'e hûs wei oan, mar ja wat moasten jo dwaan tsjin dy soldaten mei in gewear op 'e rêch? Doe 't it spul fuort wie fansels nei buten ta en dêr stie in âld rykrak mei in lekke bân en in wollen tekken efterop. It wie in grize tekken mei giele fakken deryn. Al mei al wie it in strieminne ruil. Heit hat de bân letter mar plakt en de fyts noch in skoftke brûkt. De fyts waard 'it Fahrrad' neamd. Heit syn fyts wie mooglik it earste "oarlochsslachtoffer" yn Nijemardum.
Letter skafte heit in bettere fyts oan en yn febrewaris 1945 krige heit sels noch in bewyske dat syn "Fahrrad für lebenswichtige Versorgung der Niederländische Bevölkerung eingesetzt" wie en "nicht beschlagnahmt werden darf".'

Mei tank oan Gerben de Jong